Frysk

Hikke en tein yn it noardeasten fan Fryslân, net fier fan de seedyk, hearde ik yn myn jonge jierren eins net oars as Frysk om my hinne. It is de taal fan myn hert, it sit yn it lânskip, yn de greiden en de loften en it waad. Op de universiteit yn Grins besleat ik by Frysk de kolleezjes taalfeardigens neist myn oare fakken te folgjen. Dit fielde suver in bytsje as thúskommen, ik hie der in soad wille oan. En it paste ek sa prachtich by de Skandinavyske talen, dêr’t ik my foaral mei dwaande hâlde.

Nei 15 jier yn de stêd Grins kaam de winsk om wer yn it heitelân te wenjen. Hjir, yn de wâlden ditkear, wie it opnij thúskommen, en is der eins neat moaiers as elke dei myn eigen taal prate te kinnen.

Fan 2013 oant ‘e mei 2018 wie ik de fêste oersetter nei it Frysk foar de Stichting Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018. Dit haw ik mei in ferskriklik soad wille dien, en der ek in hiele soad fan leard. Stadichoan kamen der oare opdrachten by, en fielde ik my hieltyd fertrouder om nei it Frysk oer te setten. It hichtepunt oant no ta is de fraach fan Utjouwerij Regaad oft ik foar harren Bröderna Lejonhjärta, ien fan de klassikers fan de wrâldferneamde Astrid Lindgren, út it Sweedsk yn it Frysk oersette woe. En eins is der neat moaiers foar my, as hoe’t dizze talen, dy’t sa yn myn hert sitte, op dizze wize byelkoar komme. Fan 15 novimber ôf leit De bruorren Liuwehert yn ‘e winkel. Ik hoopje fan herten dat elts der krekt sa fan genietsje sil om dit prachtige ferhaal yn it Frysk te lêzen, as ik geniete haw fan it oersetten.