Reaksjes

Wat lêzers fine fan De bruorren Liuwehert:

Wat meisto grutsk wêze op dit boek, it lêst hearlik, hiel eigen, as of it yn it Frysk heart.

*

Oer de fenomenale fertelkeunst fan Astrid Lindgren hoege wy it net te hawwen, mar oer de knappe oersetting derfan nei it Frysk troch Rymke Zijlstra is noch lang net genôch sein. Want wat in hearlik boek is De bruorren Liuwehert fan útjouwerij Regaad dêrtroch wurden. Zijlstra hat de yntime sfear dy’t Lindgren mei har styl opropt knap oerein holden. It is oerset yn goed Frysk, sûnder dat it dreech wurdt, it is tagonklik foar jong en âld sûnder konsesjes te dwaan oan it ferhaal én de Fryske taal.
Geandewei it boek komst wol hieltyd mear wurden tsjin dy’tst wol kenst mar eins net brûkst. Dat hat soms wat in nuver effekt: brûkt in jonkje fan acht, de ferteller Karel Liuwehert, dizze wurden? Mar ja fansels, hy is ommers in Frysk jonkje fan acht! En júst troch dy wurden komt it ferhaal noch tichterby, wurdt it noch yntimer, wurde Jonatan en Karel echte Fryske jonkjes, dêr yn Nangijala. En troch dy wurden learst ûnder it lêzen ek fan alles.
It boek is orizjiniel illustrearre en fris foarmjûn. En hoewol it it swier tema hat, is it troch de iepen taal en foarm dochs in blier gehiel. Al mei al in prachtich moai boek om sels, mei bern, mei heit of mem of pake of beppe yn te ferdwinen.

*

Ik heb het boek gelezen en vond het prettig leesbaar. En het ontroerde me ook.
Het origineel in het Nederlands ken ik niet, ik heb ook geen films gezien. Dus het verhaal was echt nieuw voor mij.

*

Ik ha it boek jierren lyn yn it Nederlânsk lêzen en kin it net fergelykje mei de Sweedske tekst. Mar foar my is de sfear fan it boek goed yntakt bleaun. It lêst maklik en dat magyske sit der noch goed yn.

*

Wat is it dochs in moai boek, dat ferhaal oer de beide bruorren! Ik haw it op ‘e nij mei in soad nocht lêzen. In oanwinst ek foar de Fryske berneliteratuer, boppedat in klassiker dy’t no yn it Frysk lêzen wurde kin. Dat komt mei troch dyn moaie oersetting. Gelokkich net it ’nije’ Frysk fan hjoeddedei dêr’t men somtiden suver raar fan wurdt.
In pear wurden sette ik in kribeltsje by, mar neisjen yn it Wurdboek fan de Fryske taal (myn eardere wurkplak!) levere op dat dyn kar fan ûndersteande foarmen koe (…)
Fierder is dyn oersetting, sa’t ik al sei, linich en tige lêsber. Myn kompliminten!
De yllustraasjes, mar dat is fansels dyn terrein net, bin ik net altyd kapot fan. Fral de rôse beammen foar side 24 steane yn tsjinspraak mei de wite blossem út de tekst. Mar der sitte ek moaie by.

*

It is prachtich!

*

It lêst noflik yn it Frysk en it hâldt de oandacht fêst. Tige moai en sfearfol beskreaun fyn ik it kontakt tusken Jonatan en Karel, de beide broers, dat is troch it hiele boek sa. Ek de beskriuwings fan it waar en de natuer passe goed yn it ferhaal. Ek hiel moai beskreaun is de tocht yn ’e grot fan Katla, spannend, driigjend, it nimt je hielendal mei.
Ek it brûken fan wurden en/of útdrukkings dy’t net mear sa deistich foarkomme, mar hjir tige op har plak binne, fyn ik moai. In pear foarbylden: grimelgrammel, oelewapper, fluensk, in skoandere jûn, lang om let, gruzeleminten, sigesaagjend, it lemieren, dwylsinnigens…

*

Freed 15 novimber wie it de jûn dat de Fryske ferzy fan Bröderna Lejonhjärta presintearre waard: De bruorren Liuwehert. Fan Astrid Lindgren, en, sûnt dy freedtejûn, fan Rymke Zijlstra. Want hja hat de oersetting fan it ferneamde jeugdboek foar har rekken naam.
It ferhaal fan Krûmel en Jonatan hoech ik it net oer te hawwen, hast elkenien sil dat kenne. Ik ek. Dat ik koe myn oandacht hielendal oan de taal jaan.
En dy taal wie yn alle oprjochtens in geniet. Linich, natuerlik, net bernlik. Fan dizze tiid, en tagelyk fan alle tiden, krekt as it ferhaal sels. As in oersetting it slaan fan in brêge tusken tiid en kultuer is, hat Rymke Zijlstra in prachtige, tiidleaze brêge skepen. Ien dy’t it fertsjinnet om bewûndere te wurden.
Ik stel my sa foar dat as Astrid Lindgren Frysk lêze kinnen hie, dat se dan ferhipte grutsk west hie op dizze Bruorren Liuwehert. Like grutsk as dat Rymke Zijlstra wêze mei op har earste fertolking fan in klassiker, in wurk dêr’t de leafde en it omtinken foar it boarnemateriaal fan ôfdripket.