Yn ‘e krante

Oersetten fan berneboek joech treast en makke dapper

Elisabeth Post • Leeuwarder Courant 22 november 2019 (Foto: Niels Westra)

Se twifele doe’t har frege waard om it boek De gebroeders Leeuwenhart fan Astrid Lindgren oer te setten yn it Frysk. Mar Rymke Zijlstra die it dochs en is dêr efternei bliid om. 

Je kinne net samar oan Astrid Lindgren komme. Alteast, dat fûn Rymke Zijlstra doe’t Anne Popkema fan útjouwerij Regaad har frege foar de klus om in boek fan de ferneamde Sweedske skriuwster oer te setten yn it Frysk. 

Mar se fûn it ek in ear dat hy har frege foar krekt dit boek. ,,Ik wie bliid mei it fertrouwen dat ik hjirmei fan him krige. En de wize wêrop’t de jonges fan Regaad mei it útjaan omgeane, sprekt my bot oan. Dus dit past eins hiel moai.’’ 

Op de keukentafel yn Oentsjerk – it petear is by Rymke thús – lizze eksimplaren fan Lindgrens De gebroeders Leeuwenhart op tafel. It iene is yn it Nederlânsk, der leit ek in Sweedske en de âlde Fryske oersetting út 1985, makke troch Jante Geartsma. Dêrneist leit it troch Rymke yn it Frysk oersette boek. It wrâldferneamde ferhaal is yn in modern jaske stutsen. 

Se sjocht der efkes nei. Jawis, se is grutsk, mar kin it hast net leauwe dat sy der mei foar soarge hat dat har oersetting dêr foar har leit. Der wie ommers ek al in oersetting yn it Frysk, mar dy is 34 jier âld, doe waard de âlde stavering noch brûkt. ,,Ik ha besocht it yn begryplik Frysk oer te setten’’, fertelt se. ,,Ik hoopje wier dat dat slagge is.’’ 

Wifeling 

Utjouwerij Regaad woe earst hiel graach Pippi Langkous oersette. It oare jier is it 75 jier lyn dat it boek útkaam. Mar út Sweden wei krigen se gjin tastimming om der moderne yllustraasjes by te meitsjen. Allinne dy orizjinele fan Ingrid Vang Nyman mei by de oersettings publisearre wurde. Dus gie dat oer. 

Har wifeling om it boek oer te setten kaam troch de taal. Rymke is eins mear spesjalisearre yn it Noarsk. Dat wie har haadfak oan de universiteit fan Grins wêr’t se Skandinavyske Talen en Kultueren studearre hat. En se hie al boeken fan it Noarsk nei it Nederlânsk oersetten, mar dit soe it earste boek wurde út it Sweedsk. En dan ek noch nei it Frysk. 

Se wie al wat âlder doe’t se ûntduts dat dy stúdzje har wol goed lei. ,,Wolnee, ik wie hielendal net sa goed yn talen op ’e middelbere skoalle.’’ Mar, dat kaam foaral troch de leararen, seit se. Dy stimulearren har net. ,,Mar dizze talen lizze my hiel goed.’’ 

De kat Birk stapt nijsgjirrich op de besite ôf. Rymke en har man ha it bist, foar de helte in Noarse boskkat, meinaam út Noarwegen. Hja komt graach yn dat lân. Eins soe se der wol hinne wolle te wenjen. ,,Ik fiel my dêr hiel bot thús, hearlik dy rêst en de natuer. En minsken yn Skandinavië binne bot op harsels en wolle ek net de romte fan de oar ynnimme. Dat past my wol.’’ 

Se wist eins hielendal net wat se wurde woe, oant in dosint sei: ‘Wêrom giest net nei de keunst-akademy? Do makkest moaie dingen’. Mar dat wie it dochs net. Se fielde har dêr net sa thús. De minsken wienen te selsfersekere, te wis fan harrensels en de keunst dy’t se makken. ,,En ik te jong, betocht ik my efternei.’’ In jier hâlde se it fol en nei noch wat oare stúdzjes kaam se by de stúdzje Skandinavyske Talen en Kultuer, wat fielde as in soarte fan thúskommen. 

It wie eins ek gjin bewuste kar om oersetter te wurden, mar efterôf wol in hiel logyske, seit se. ,,Troch de leafde foar de talen, de leafde foar boeken en de nijsgjirrichheid nei hoe’t in tekst yn in oare taal oerein bliuwt.’’ Moatst as oersetter ek presys wêze. Se gniist. ,,Ja dat bin ik. Mar dat moat ek. Hast de wichtige rol fan in kulturele bemiddeler. Moatst in goede kennis fan de taal en kultuer ha. Ast de juste kontekst net hast, kinst ek net itselde byld oerbringe as wat de skriuwer foar eagen hat. En elke talekombinaasje hat syn eigen tûkelteammen, dy moatst witte.’’ 

Balsem foar de earen 

Se is fan it Noarsk yn alles goed thús, dat is har taal. Se jout ek Noarske les. It Sweedsk en Deensk hat se derby leard. Dat betsjut dat se it goed lêze en ferstean kin. At Rymke wat skriuwe moat, dan giet dat yn it Noarsk. ,,Ik fyn it trouwens hearlik as minsken út dy lannen Ingelsk prate. Ik wit ek net wêrom, neam it in guilty pleasure, mar foaral at in Yslanner Ingelsk praat, fielt as balsem foar myn earen’’, seit se, wylst se har eagen tichtdocht. En dan mei in glimke: ,,Dat sangerige heart sa noflik en fertroud.’’ 

Eins hie se noch gjin boeken út it Sweedsk oerset. ,,It wie ommers myn haadtaal net.’’ Dêrom twifele se ek om dizze put op te pakken. ,,Mar wat jout it ek, tocht ik, ik ken de taal wol. En ik sjoch ek de needsaak dat goeie boeken hjoed-de-dei yn it Frysk oerset wurde moatte.’’ Se bedoelt dêrmei te sizzen, dat foar har de needsaak om boeken yn it Frysk oer te setten grutter is as yn it Nederlânsk, it hat in oar doel. ,,It Frysk as grutte identiteitsbepalende faktor, dy’t de minsken sa ferbynt mei elkoar en mei it bysûndere fan it lân, en hoe’t de taal ûnder druk stiet.’’ 

Oersette yn it Frysk wie gjin probleem. Rymke is dy taal ek machtich. De memmetaal hat sy der ek by dien op de universiteit. Sy hat bygelyks seis jier lang alle Fryske uterings foar Kulturele Haadstêd fersoarge. Boppedat kamen de talen dêr’t se fan hâldt by dizze opdracht byelkoar. Se leit de hân op har hert en seit: ,,It bin ek echt de talen fan myn hert.’’ 

En dêrom hat se har dochs op De bruorren Liuwehert stoart. Fjouwer moanne hat se har yn har wurkkeamer opsletten. It wie ûndersykjen en puzzeljen. ,,By De bruorren Liuwehert haw ik foaral hiel bot myn bêst dien om de lichte toan fan it ferhaal, dat sa’n swiere tematyk hat, te behâlden. En it yn hjoeddeisk, noflik te lêzen Frysk oer te setten. Ik leau wol dat dat slagge is.’’ 

Wichtich 

Wêr hat se mei wraksele? ,,Eins mar mei in pear dinkjes, dat foel my hiel bot ta.’’ Yn it begjin woe se krekt wat te ticht by de oarspronklike tekst bliuwe. ,,Ik hie sa’n grut respekt foar de boarnetekst en foar de auteur. Hjir siet ik, in boek fan Astrid Lindgren oer te setten. Dé Astrid Lindgren – sa’n bytsje al har boeken steane yn myn kast – en dan ek noch sa’n wichtich boek, miskien wol har wichtichste boek. It hat dus in skoftsje duorre foar’t ik dat wat mear loslitte koe.’’ 

Mar letter doarst sy wat frijer te wêzen. ,,Ik ha bygelyks mei it wurd delling wraksele. Lindgren neamt se Körsbärsdalen en Törnrosdalen. Ik bin úteinlik útkaam op Kersenfallei en Roazefallei. Yn it Nederlâns ha se fan Törnrosdalen it Bramendal makke, mar in Törnros, is in wylde roas, dêrom Roazefallei.’’ 

Rymke hat it ferhaal fan de jonkjes as bern noait lêzen. Dat muoit har wol. ,,Ik bin benijd oft it ferhaal my ek myn libben lang bybleaun wie. Want ik kin my hiel goed foarstelle dat dat by in soad minsken bard is.’’ It ferhaal die wol wat mei har. ,,Ik ha der sa no en dan hiel bot oer dreamd, doe’t ik dermei oan it wurk wie.’’ 

Rymke wie noch dwaande mei it oereinklauwen en it opnij definiearjen fan it libben nei in grut ferlies doe’t se oan dizze put begong. Trije jier lyn hawwe sy en har man harren famke Ida ferlern. Wylst it in oangripend ferhaal is oer de twa bruorren, joech it Rymke treast om de oersetting te meitsjen. ,,De dea is ôfgryslik, mar dit boek giet oer in hiel grutte en djippe leafde fan de twa broerkes foar mekoar. Dat ha ik derúthelle en it jout treast dat de leafde dochs alles oerwint.’’ 

It boek is skreaun foar bern, mar ek as folwoeksene wurde je meinaam yn it ferhaal fan de jonkjes. Foaral ek it boadskip dat je, al bin je noch sa’n bangeskiter, dochs echt wol dapper wêze kinne. Rymke seit dat se as persoan ek wol wat hoeden is, ommers, sy wurket ek altyd op de eftergrûn. In oersetter is no ienris ûnsichtber. 

Fan de bruorren Liuwehert hat se leard om ris wat dapper te wêzen en út it skaad wei te stappen. ,,Fynst de oersetting slagge? Lêst yn ien kear troch? Ik hoopje dat de lichte toan fan it ferhaal bewarre bleaun is en dat it noflik lêst.’’ 

Titel: De bruorren Liuwehert. Skriuwer: Astrid Lindgren. Oersetter: Rymke Zijlstra. Yllustraasjes: Kim Hunnersen. Utjouwer: Regaad. Priis: 17,50 euro (200 siden).

De bruorren Liuwehert

Doe’t yn 1973 it boek Bröderna Lejonhjärta fan Astrid Lindgren útkaam, sprutsen folwoeksenen der skande fan. It ferhaal soe fierstente skokkend wêze foar bern om’t it oer dea en ferlies giet.

Jonatan (13) en Karel (10) Liuw binne twa broerkes dy’t beide stjerre. Jonatan komt om by in brân as er syn broerke rêdt, en Karel stjert efkes letter oan syn sykte. De twa sjogge mekoar wer yn Nangijala – it lân fan mearkes en kampfjoerkes. Doe’t Jonatan noch libbe, hie hy Karel ferteld oer it lân dêr’t it sa moai is. En dat hy op Karel wachtsje soe. En dat bart ek.

Al gau docht bliken dat it yn Nangi-jala net oeral fredich is. Yn de Kersenvallei is alles goed, mar oan de oare kant fan de berch hearsket yn de Rozevallei de tiran Tengil. Hy hat help fan de draak Katla. Ien dy’t rekke wurdt troch it fjoer fan it bist, ferstient en stjert.

De bruorren belibje mei harren hynders Grim en Fjalar allegear aventoeren. Sy befrije úteinlik Orvar, dy’t de opstân tsjin Tengil liede moat. En se bringe de draak om. Mar Jonatan is rekke troch it fjoer en giet dea. Hy freget Karel him op de rêch te nimmen en fan in rots ôf te springen, omdat se dan yn Nangilima terjochte komme. Dat is in oar deaderyk wêr’t it wol goed is.

It ferhaal giet oer ferlies, mar ek oer dapper wêzen. Karel, dy’t de bynamme Krûmel hat, is oeral benaud foar, mar oerwint hieltyd syn eangsten. It giet oer goed en min, oer leafde en fertriet.

Wylst folwoeksenen it mar neat fûnen, krige Astrid Lindgren brieven fan bern dy’t it boek fantastysk fûnen. Sy fregen ek hoe’t it mei de bruorren yn Nangilima gean soe. De skriuwster hat doe in brief skreaun en yn de Sweedske kranten pleatst. Jonatan en Karel hawwe it dêr o sa nei it sin. Sy ride alle dagen op harren hynders en meitsje yn it bosk kampfjurren. De mem wennet der no ek en de minne lju lykas Tengil binne op in oar plak bedarre. Dêr hat gjinien lêst fan harren.

En de draak, dat yslike bist, is ferdwûn.